december 21, 2019
fan ûnbekend*
Freonskip hat te krijen mei
it hert jaan oan wa’t men fertrout,
it is de fraach wêr giet it hinne,
nei de wrâld is net de wei.
Slút gjin freonkskip mei de wrâld,
dy libbensbân is net fertroud,
rint út op fjochtsjen om te winnen,
makket konkurrinten kâld.
Freonskip mei de wrâld hâldt yn
de omkear: fijânskip mei God,
syn leafde hast dan net fertsjinne,
’t giet dy net mear foar de wyn.
Wa’t lytsman wurdt foar de Hear,
komt tichterby syn Keninkryk,
dêr’t minsken wiere freonen binne,
fijânskip is dêr net mear.
* Foto ‘Freonskip’
december 18, 2019
fan Vincent van Gogh*
Wiere wiisheid leit net ûnder,
djip ferburgen yn de siel,
dêrút komt it kwea nei boppen:
grime, oergeunst en wat mear,
wa’t wiis is, kin dêr sûnder.
Wiisheid komt altyd fan boppen,
dêroan hat de minske diel
as er libbet mei in iepen
siel, barmhertich en oprjocht,
hy heart de swakken roppen.
Wiisheid hat mei sie te krijen
dat yn frede siedde wurdt,
ûnder leit it earst te sliepen,
op ’en doer komt op de frucht:
gerjochtichheid foar frijen.
* Vincent van Gogh (1853-1890)
Skilderij ‘De siedder’