Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Mei stommens slein

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

Mei stommens wie ik slein
as balling yn in fier gebiet,
dêr brocht in flechtling it berjocht:
‘Ynnommen is Jeruzalem!’
Wiswier kriich ik werom myn stim.

De Heare hat noch sein:
‘It folk yn it besette gea
mient dat it lân is har besit,
sy nimme gjin gebod yn acht,
der komt in ein oan dit geslacht.
It wurd mei ’t swurd ferslein,
wa’t tahâldt yn it iepen fjild,
wurdt foar de wylde bisten foer,
yn grot en hoale is de rest,
dy’t pynlik omkomt troch de pest.’

* Yllustraasje ‘Ezechiël’

admin

Profeet as wachter

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Ezechiël

As minskesoan bisto profeet
en as profeet ek wachter
dy’t it folk warskôget
as de fijân ’t lân oerfalt,
dan blaast er op ’e hoarn.

Asto as minskesoan by need
en tagelyk as wachter
net de hoarn lûd klinke
litst, dan wurdt it ek dyn dea
en giet it folk deroan.

Mar litst as wachter en profeet
it lûd fan need wol hearre
en wol ’t folk net harkje,
dan oerfalt dy net de dea,
mar giet it folk deroan.

Elk minske krijt in eigen kleed
te dragen yn it libben,
fan profeet of minske
dy’t de earen iepen hat
foar ’t klinken fan de hoarn.

* Yllustraasje ‘Hoarnblazer’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum