mei 9, 2020
fan ûnbekend*
Fjouwer ingels seach ik stean
op ierde, op ’e fjouwer hoeken
dêr’t de wyn weikomt,
dy’t gjin kâns kriich om te waaien,
want de ingels lieten him net gean;
in oare ingel seach ik rizen
sa’t de sinne ek opkomt
yn ’t easten, mei Gods segel
moast er nei syn maten swaaie,
wylst er rôp:
‘Tamtaerje ierde, see en beammen net,
Gods feinten krije earst,
al binne it ek noch safolle,
foar it segel op ’e holle:
tolve stammen, tolvetûzen
út in stam, sy ha it ret.’
* Yllustraasje ‘Fjouwer ingels keare de wyn’
mei 2, 2020
fan Albrecht Dürer*
Doe’t it sechde segel iepenbriek,
begûn de ierde fûl te skodzjen,
waard de sinne swart as roet,
de moanne kriich de kleur fan ’t bloed,
de stjerren foelen op ’e ierde
lykas figen troch de hurde wyn
telâne komme yn it slyk,
de himel waard foargoed oprôle,
berch en eilân kamen fan it plak
en fûnen fierderop ûntwyk;
neat hiene keningen te bieden,
de riken sochten ûnderdak
yn hoalen en yn keale grotten,
alle pommeranten âlen:
‘Berch en rots, fal op ús del,
jou ús in skûlplak foar de grime
fan de Heare God en fan it Laam,
wa hâldt it op ’e fuotten?
* Albrecht Dürer (1471-1528)
Yllustraasje ‘It sechde segel’