juli 8, 2020
fan ûnbekend*
In teken seach ik yn de himel,
wûnderbaarlik, fol mei macht:
sân ingels mei de lêste pleagen
makken oan de grime Gods in ein,
doe kriich ik noch in byld foar eagen:
in see fan glês, dêr fjoer trochhinne,
minsken, winners fan it beest,
dy’t songen by Gods harpen
it liet fan Mozes en it Laam:
‘Machtih, wûnderbaarlik binne
jo dieden, Hear, almachtich God,
rjochtfeardich binne ek jo wegen,
elk dy’t jo namme freest,
bewiist Jo ear, want hillich binne
Jo, de folken falle biddend del,
om’t jo rjochtfeardich oardiel
foar hiel de wrâld oan ’t ljocht kaam.’
Yllustraasje ‘Glêzen see’
juli 1, 2020
fan ûnbekend*
In wolk seach ’k yn myn fisioen,
ljocht as de minskesoan,
in ingel dy’t dêr klear op siet,
hy droech in gouden kroan
en hie in sichte yn de hân,
waard mei de ierde nau ferbûn.
Doe kaam in twadde ingel út
de hege timpel wei,
lûd roppend: ‘Slaan de sichte yn
it nôt, it is de dei
om skerp te sichtsjen, ’t is no ryp!’
De risping folge dit beslút.
In tredde ingel kaam foar ’t ljocht,
ek mei in sichte yn
de hân en klear om ta te slaan;
in fjirde ingel syn
skerp lûd kaam op itselde del:
‘De druven rispje is dyn rjocht!’
De druveparse waard it byld
fan God syn grime oer
it kwea op ierde, dat it bloed
rûn fier de fjilden oer.
Yllustraasje ‘Ingel mei de sichte’