Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Sân pleagen

Bibelbylden

fan ûnbekend*

In swiere stim klonk út ’e timpel,
sprekkend de sân ingels ta:
‘Jit de skalen fan Gods grime
op ’e ierde leech.’

Doe gie de earste ingel hinne,
geat de skaal leech op it lân;
minsken dy’t it teken droegen
fan it beest, sy krigen swolms
fan foet oant hân.

Doe gie de twadde ingel hinne,
geat de skaal leech yn de see,
dy’t op slach yn bloed feroare,
lykas by in wrede moard,
de dea stie ree.

Doe gie de tredde ingel hinne,
geat de skaal yn boarnen leech,
wetter dat yn bloed feroare,
bloed fan al it hillich folk,
dat hie God heech.

Doe gie de fjirde ingel hinne,
geat de skaal op ’t sinneljocht,
dat it folk yn fjoer ferskroeide,
flokkend bearde ’t tsjin de Hear,
wat lijen brocht.

Doe gie de fiifde ingel hinne,
geat de skaal leech op ’e troan
fan it beest, fertsjustere waard
syn ferdoarne keninkryk,
mar ’t kwea hold oan.

Doe gie de sechde ingel hinne,
geat de skaal yn de rivier,
dat it wetter sakke, drûge
op foar ’t sljochte keningspaad,
it kwea yn ’t spier.

Doe gie de sânde ingel hinne,
geat de skaal leech yn de loft,
dat de klap kaam nei de wjerljocht,
heidenstêden stoarten yn,
it ryk wie ploft.

* Yllustraasje ‘Sân ingels mei in rampskaal’

admin

Sân ingels mei sân skalen

Bibelbylden

fan Saint-Sever Beatus*

It fisioen liet skine
syn ljocht klear op ’e timpel,
dêr’t de doar fan iepengie;
sân ingels kamen foar it ljocht
yn blinkend linnen
en om de mul in gouden riem,
sa’t ingels strielje kinne;
oanrikt waarden gouden skalen,
sân, foar elke ingel ien,
in teken fan Gods grime,
dy’t my klear foar eagen
kaam, de reek as teken
fan Gods hearlikheid en macht
gie troch de timpel yn sân walen,
mar gjin minske mocht deryn…
earst kamen de sân pleagen.

* Saint-Sever Beatus (alfde iuw)
Yllustraasje ‘Sân ingels’ 

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum