september 16, 2020
fan Pieter Lastman*
Jehannes sprekt wer:
De Geast hat ynspirearre
de gemeente, dy’t as breid
de komst ferwachtet fan de Hear,
sy sizze:
‘Kom wa’t toarst hat no nei ’t
libbenswetter om te drinken,
’t stiet foar jimme klear.’
Ik bin ek ynspirearre
troch de Geast, elk fisioen
kaam my foar eagen, no is ’t klear,
ik sis dus:
‘Wat jim yn dit boek fûn
ha, moat yn syn wêzen bliuwe,
gjin feroaring mear!’
De Hear, dy’t ynstiet foar dit
boek, seit dat Hy al gau komt,
dus ik sis: ‘Amen, kom mar Hear!’
* Pieter Lastman (1583-1633)
Skilderij ‘Jehannes op Patmos’
september 12, 2020
fan ûnbekend*
De ingel sprekt:
God de Hear besielet de profeten
troch syn ingel, dy’t er útstjoerd hat
om sjen te litten wat gau bart.
Kristus sprekt:
Ja, ’t is wier, Ik sil mei gauwens komme,
lokkich hy dy’t fêsthâldt oan it wurd
dat de profeten sprutsen ha.
Jehannes sprekt:
Ik, Jehannes, bin troch ’t wurd ferstomme
dat ik heard ha, tagelyk seach ik
wat wie foar ’t minske-each te grut.
De ingel sprekt:
Fal, do feint, foar my net op ’e knibbels,
want wy tsjinje beide God de Hear
en jouwe biddend Him de ear.
Kristus sprekt:
Ja, ’t is wier, jim moatte tsjinjend trochgean,
elk fertsjinnet nei syn wurk it lean,
jim lean dat Ik al by My ha.
Alfa en Omega is myn namme,
lokkich hy dy’t komt mei skjinne klean,
syn rjocht is op ’e libbensbeam.
Wa’t it kweade docht, moat bûten bliuwe,
foar myn boadskip ha ’k de ingel stjoerd,
as Moarnsstjer skitterje ’k foargoed.
* Yllustraasje ‘Kristus as Moarnsstjer’