oktober 14, 2020
fan ûnbekend*
Wat ik net ferwachte hie,
dat wie op ierde stjerrend wier,
want op it plak fan rjocht,
dêr barde it ferkearde,
’t oardiel komt wis nei de die.
Minsken gean net boppe ’t dier
út, beide stjerre op har tiid,
dus diele ’t selde lot;
de minske hat in azem
lykas ’t dier, ’t is stjerrend wier.
Wer kaam ik ta ’t beslút
om te genietsjen yn ’t bestean
sa’t God it oan ús jout;
wat kin men fan de takomst
witte, ’t rint op stjerren út.
Yllustraasje ‘Genietsje foar de dea’
oktober 10, 2020
fan ûnbekend*
Foar alles is in tiid,
foar wurk en frije tiid in oere,
de tiid rint altyd troch
of hat it soms oan tiid,
de tiid lit him net stjoere.
Ik ha de drokte sjoen
fan minsken om mar troch te skreppen,
de tiid rint altyd troch,
hâldt ivich syn fatsoen,
de tiid kaam mei de skepping.
Neat better as it lok
om ’t goede fan ’t bestean te nimmen,
de tiid rint altyd troch,
al is men frij of drok
oan ’t wurk, ’t giet om de stimming.
De jefte komt fan God,
lit ús dan ite en wat drinke,
de tiid rint altyd troch,
fêst stiet wat komt oan bod,
lit ús op ’t libben klinke.
* Foto ‘Sinnewizer’