Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Dieden by it wurd

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wat wolle wiere wurden oars
as om my ynmoed nei te hearren?
Wizen harkje yn Gods hûs,
mar offers fan de dwazen
binne al yn ’t foar mislearre.

De mûle praat foarby de noas
der samar rappe wurden hinne,
’t binne lûden by de rûs
as dreamen nei de drokte,
nimmen sil der wat by winne.

Kom dyn belofte altyd nei,
dan hâldst foar God oer in gewisse
dat wol sprekken lije kin,
as wurden dieden wurde,
sil de sprekker ’t doel net misse.

* Yllustraasje ‘Ien wurd mei twa hannen’

admin

Griis

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Hy wie jong, earst earm, mar wiis
en koe yn ’t dwaan en litten
mear fertelle as de dwaze kening,
syn jierren kleuren him al griis.

Elk rûn mei de jonge fuort
en seach him doe al sitten
op ’e troan as nije, wize kening,
de âlde kriich in leger lot.

Jong waard âlder, minder wiis,
wat elkenien rap witten
hat, sa kinne foarst en folk feroarje,
wat earst noch wyt wie, wurdt dan griis.

* Yllustraasje ‘Griis’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum