Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Neaken komme en gean

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wy binne neaken kommen
út ’e memmeskurte wei
en neaken geane wy werom,
noch nea hat ien syn lean meinommen.

Men soe der siik fan wurde
om sa neaken wer te gean,
wat hâldt men fan it skreppen oer?
t Is neat mei neat, te min foar wurden.

It brea yt men mei lijen,
dêr oerhinne falt it skaad
fan argewaasje en fertriet,
lit ús oer ’t wiffe libben swije.

Lit ús mei nocht dan ite
wat troch God rynsk skonken wurdt
en drinke op in goed bestean,
dat libbenspart sil ús net spite.

Men hoecht net nei te tinken,
hat gjin soargen oer de dei
fan juster, dy komt net werom,
God sil de dei fan moarn ús skinke.

Yllustraasje ‘Neaken’



admin

Hingje oan jild

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wa’t wurket, yt mei smaak it brea
en swiet is elke nacht syn sliep,
dan komt er útrêst wer fan ’t bêd;
wa’t ryk is, kin net sliepe,
want hy yt him mear as sêd.

De rykdom wurdt foar him in flok
dy’t hinget oan syn kapitaal,
hy wurdt nea sêd fan al dat jild,
syn mûle stiet wiid iepen
oant er him op ’t lêst fertilt.

Dat wurdt foar him syn ûngelok,
it kapitaal giet sa ferlern
as wie in part fan him ferstoarn;
de takomst eaget sletten
foar himsels en foar syn soan.

Wa’t hinget oan syn jild, lijt skea,
syn fal is djip, út is ’t ferhaal.

Yllustraasje ‘Rykdom’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum