Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Djippe wiisheid

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Wat ik eins ferwachte hie
sa troch de jierren hinne,
is om wiisheid op te dwaan,
mar dy wie fierste fier en djip
foar my om klear te kennen.

Nochris lei ’k my derop ta
om ta ’t beslút te kommen
my oan wiisheid oer te jaan:
ik seach dat sûnde dwaasheid is,
net dwaan wat heart foar dommen.

Dit ha ik úteinlik fûn:
de frou is like bitter
as de dea, fangt mei har net
wa’t tsjin de wil fan God yngiet,
sy sil de dwaas besitte.

Wat ik ek te witten kaam:
ien wize man op tûzen,
mar ik fûn gjin wize frou;
God soarge foar folmakke folk,
mar ’t hat fan sûnden rûze.

* Yllustraasje ‘Wiisheid’

admin

Op ‘e middenwei

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Gean net al te rjocht troch it bestean,
doch dy net wizer foar ast bist,
want wa’t rjochtfeardich is, stjert ek,
net elk krijt it fertsjinne lean.

Tink net, elke sûnder stjert al ier
fanwege syn ferkeard bestean,
it komt yn ’t libben net sa krekt,
dus hâldt de midden mar foar wier.

Yn it libben hâldst it iene fêst
dan litst it oare maklik los;
it lykwicht neffens Gods bestel,
dêr rêdst it mei en jout dy rêst.

Sterker stiet de wize yn ’t bestean
as hy foar wiisheid iepen stiet,
hy is sa sterk wol as de tsien
dit macht ha en foar mear macht gean.

Harkje net nei alle wurden, want
miskien ferwinskje guon ek dy,
do hast it ek wol oaren dien,
dy wurden doge fan gjin kant.

Yllustraasje ‘Middenwei’




Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum