november 25, 2020
fan ûnbekend*
De minsken dy’t kwea dogge,
wurde faak mei ear begroeven,
ek noch prize om har wurk,
al wiene it ek boeven.
Om ’t straf net daliks folget
op ’e sûnde, hat dat folkje
nocht oan kwea, want oan it swurk
ferskynt noch mar in wolkje.
It lange libben fan de
sûnders seit neat oer wat komme
sil, want wa’t it kweade docht,
syn libben is ferdomme.
Rjochtfeardigen fertsjinje
wat ferkearden meastal krije;
wat ik om my hinne sjoch:
sy moatte it belije.
Ik sette doe myn sinnen
op it sykjen om Gods wurken,
mar myn wurk wie om ’e nocht,
ik seach it ljocht net skinen.
Ik ha de wille prize,
want ik fûn, der is neat better
as te drinken op ’t bestean,
gjinien wit noch fan letter.
* Yllustraasje ‘Drinke op it libben’
november 21, 2020
fan ûnbekend*
De wiisheid hat in blier gesicht,
feroaret hiel it wêzen,
wat earst swier wie, wurdt dan licht.
Doch altyd wat de kening seit
en gjin ferkearde dingen,
want syn wurd wurdt dan ta feit.
Men sil it oardiel ûndergean
fanwege ’t kwea op ierde,
straf is it fertsjinne lean.
Gjinien wit noch wat komme sil,
de wyn kin men net keare,
ek de dea net troch de wil.
Dit ha ik allegearre sjoen,
kriich alles ûnder eagen
wat him mei it kwea ferbûn.
* Yllustraasje ‘Mei it each op…’