Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Hearskers

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Oer hearskers wol ik it no ha,
de kening op syn hege troan,
de ealman machtich oan ’t regear,
’t folk sjocht har dwaan en litten oan.

Falt lilk in hearsker tsjin dy út,
ferlit dan net dyn lege post,
bewarje kalmte ta syn ear,
it is sa’n hâlding dy’t dy past.

In hearsker docht in misse set
as hy in dwaas it heechste set,
wa’t oansjen hie, krijt dan it near,
it is de dwaas dy’t stelt de wet.

It is in ramp as kening wurdt
in bern dat neat wit fan it lân,
mar komt in ealman oan ’t regear,
dan rint gjin feest mear út ’e hân.

Yllustraasje ‘Hearskers’

admin

Wize krêft

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Lit my ’t ferhaal fertelle
fan grut tsjin lyts yn ’t spier,
lyts wie te licht om ’t pleit te winnen,
’t ferlies woech my te swier.

In stedsje koe ’t net stelle
tsjin kenings grutte macht,
it seach rûnom de hege skânsen …
wa sloech op wiisheid acht?

In earme man dy’t wiis wie,
wa hie oan sa’nien tocht?
Hy hie it stedsje rêde kinnen,
gjinien hat om him socht.

Wit wol dat hy de rie hie
dy’t rêde koe de stêd,
de wiisheid biedt wol tûzen kânsen,
gjin macht wurdt dan noch sêd.

’t Wurd fan dy iene wize
is better as ’t geskreau
fan mannich hearsker mei syn dwaasheid,
dy’t him ta fjochtsjen dreau.

Yllustraasje ‘Wize man’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum