december 30, 2020
fan Thomas*
Fan alle lieten is ’t it liet
dat leafdefol it hert oansprekt,
it liet fan brêgeman en breid,
dat oer ferbining giet
en dêr’t de geast yn leit.
Mei tûzen froulju yn ’t paleis
wist Salomo wat leafde wie,
mar fielde hy de hichte oan
fan leafdefol op reis
of gie it om syn kroan?
De kening is de skriuwer net,
hy wie de foarst mear fan de rie,
wist hoe’t it dêr krekt hinne lei;
de leafde hat ferlet
fan mei it hert op wei.
Yllustraasje ‘Heechliet’
december 26, 2020
fan Gustave Doré*
As Preker wie ik net allinnich wiis,
mar ha ’k it folk ek wiisheid brocht,
ik naam de dingen yn berie
en ha in protte ûndersocht.
Ik ha as Preker nei de wurden socht
om oer te bringen sa’t it wie,
as spikers sloech ik se deryn,
’k wie like puntich yn myn rie.
Ien rie jou ik noch as it einbeslút,
myn soan: der is in protte skreaun,
lês dy net wurch, want dan wurdst blyn
foar Gods gebod, de tiid troch bleaun.
* Gustave Doré (1832-1883)
Yllustraasje ‘Preker’