januari 13, 2021
fan ûnbekend*
Wêr wie myn leafste dy’t ik socht?
Ik wist it net, mar woe him fine
yn de stêd, op strjitte en op ’t plein,
mar ’k seach him net ferskinen.
Ik trof de wachters, dat ik tocht
dy sjogge oeral om har hinne,
foar’t ik harren nei him freegje koe,
seach ik myn leafste rinnen.
Ik kriich him beet, liet him net los,
woe sa yn mem har keamer komme,
oarsprong fan myn ierdsk bestean, dêr soe
it bylkje fan de blommen.
Mar fammen fan Jeruzalem,
de dream wie oer en ik waard wekker,
ik beswar jim, jou de leafde rêst
en meitsje dy net wekker.
Foto ‘Leafdesdream’
januari 9, 2021
fan ûnbekend*
Myn leafste springt oer de bergen,
oer de heuvels dûnsjendewei,
lykas in ree of gazelle
ier yn de maitiid by ljochtskyndei.
Dêr stiet er achter de muorre,
hymjend fan syn springende tocht,
hy rint fan finster nei finster,
siket om wurden, krekt wat ik tocht:
Oerein, myn freondinne,
de winter is oer,
it reinen is dien,
kleurige blommen
bloeie boppe it grien,
sjongende fûgels,
heech klinkt har liet,
de beam jout syn fruchten,
de wynrank rûkt swiet,
oerein, myn freondinne,
no is it ús tiid.
Myn leafste, fang ús de foksen,
want de wyngerds steane yn bloei,
wês do in ree of gazelle
ier yn de maitiid, de tiid fan de groei.
* Foto ‘Gazelle’