januari 27, 2021
fan ûnbekend*
Ik sliepte, mar myn hert wie wekker,
hearde ’t klopjen op ’e doar
en doe in stim: ‘Doch iepen, doke!’
Koerend joech ik him gehoar.
‘Myn lokken binne fol mei drippen,
wiet myn wangen fan de nacht,
ik stean te wachtsjen, doch no iepen,
slaan dochs op myn roppen acht!’
Hoe moast it no, de klean oandwaan?
Waarden wer myn fuotten smoarch?
Lei ik noch wol op bêd te sliepen?
Wie fan ’t bêd myn grutste soarch?
Myn leafste stiek syn hân troch ’t lûkje,
dêrtroch rekke ik oerstjoer,
myn fingers dripten fan de mirre,
’k bûgde nei de doar foaroer.
Foar him die ik de doar rap iepen,
mar myn leafste wie der net,
ik rôp him, mar hy joech gjin antwurd,
’k socht him, mar it wie al let.
Dus trof ik yn de stêd de wachters,
tasichthâlders yn de nacht,
sy stiene rûnom my en sloegen…
wat koe ’k dwaan tsjin wachters macht?
* Yllustraasje ‘Wachters’
januari 23, 2021
fan ûnbekend*
Myn freon, myn hôf is ek dyn hôf,
sjoch my as spuitsjende fontein,
as wetter yn de boarne
dat troch beken oanfierd wurdt,
dy’t streame fan de Libanon,
in oarde sûnder ein;
wurd wekker, noardewyn,
kom sudewyn, waai troch myn hôf;
myn freon, kom do der no ek yn,
myn hôf is ek dyn hôf.
Myn breid, dêr bin ik yn myn hôf,
omdat dyn hôf is ek myn hôf,
in oarde sûnder toarnen,
wol mei mirre, balsem, ek
mei fruchten, dy’t ik iten ha,
in oarde sûnder rôf:
fergees drink ik de wyn
en molke, want do skinkst dy my;
kom freonen, kom der ek mar yn,
de leafde makket dwyl.
Yllustraasje ‘It hôf’