februari 10, 2021
fan ûnbekend*
Breugeman:
Do bist moai en leaflik,
it leafste wat in man begeart,
dyn postuer is as in palmbeam,
dyn boarsten binne dadeltrossen,
klimme wol ik yn dy beam
en nei syn trossen gripe,
dêrby binne lege hulen neat;
nei apels rûkt dyn azem,
dyn ferwulft skinkt kleare wyn,
dy’t my, dreamend, oer de lippen rint.
Breid:
Ik bin fan myn leafste,
syn langstme giet hjoed út nei my,
kom mar mei, wy gean it fjild yn,
lit ús nachts yn de wynberch dreame,
ier al nei de wyngerds gean
en sjen nei iepen blossems,
alles liket yn de bloeitiid nij;
myn leafde wol ik oan dy
jaan, de leafdesapels rik
ik dy ta, sjedêr de leafde wint.
Foto ‘Palmbeam’
februari 6, 2021
fan ûnbekend*
Draai dy om, draai dy om,
do dûnsest as Salomo’s dochter,
sierlik is dyn stap, prinsesse,
draai mei dyn heupen, as juwielen
kamen se út keunstners hannen,
by dyn dûns bliuw ik net nochter,
want dyn nâle is in rûne romer,
altyd fol mei krûdige wyn,
dyn liif is blank as weet
mei leeljes dêr omhinne,
as in miel om jûn te dielen,
dyn boarsten binne as in twilling,
jongen fan in gazelle,
dyn hals is as in toer fan ivoar,
dyn eagen glânzje as fivers,
fieden troch in djippe welle,
dyn noas is as in berchkaam,
dêr’t dyn holle boppe útstekt,
dyn hier liket op poarper…
draai dy om, draai dy om,
do Salomo’s sierlike dochter,
dy’t de kening fangt yn dyn frissels.
* Foto ‘Dûnsjende frou’