februari 20, 2021
fan James Tissot*
Jesaja’s namme sprekt fan heil,
in lokkich libben dat de Heare jout
oan wa’t him fan it kweade keart
nei ’t wurd, de minske tafertroud.
Hy sprekt dat wurd as in profeet:
‘God, as alderheechste majesteit,
is troch de iuwen hinne mei
syn folk ferbûn, yn ivichheid.’
Jesaja, soan fan Amoz, heit
dy’t syn bestean fûn by de hegerein,
oan wa’t syn soan it boadskip brocht
dat klonk as: ‘Ik ha ’t jim foarsein.’
Foarsizzing fan: ‘Jim treft it kwea
sekuer as der gjin kear komt yn ’t bestean,
mar wurdt der libbe nei it wurd,
dan sil it folk yn frijheid stean.’
* James Tissot (1836-1902)
Skilderij ‘Profeet Jesaja’
februari 17, 2021
fan ûnbekend*
Wa kin de leafde tsjutte,
binne dêr wol wurden foar
of giet sy fier dêrboppe út?
De leafde lûkt in himelsk spoar.
De leafde kin betsjutte
folle mear as wat men tinkt,
gjin wurd stekt djipper as in tút,
dy’t oan it hert de slachkrêft skinkt.
De leafde is sa sterk wol
as de dea, de hertstocht hurd
as ’t deaderyk, de gloede komt
út flammen fan de Heare fuort.
De wetterstreamen kinne
net de leafde dwêste, gjin
rivier spielt fuort wat leafde docht,
sy spielt sels alle smoargens skjin.
* Yllustraasje ‘Leafde’