maart 6, 2021
fan Pieter Bruegel de Oude*
Ferstjitten is it eigen folk
troch wat it sels misdien hat
yn plak fan dieden foar de Hear,
it komt op slach yn ’t near.
De Filistinen as it byld
fan tsjoenderij, har sizzen
is as leagen, fier fan wier,
it byld fan falske sier.
De rykdom is de ein fan wei,
it goud en sulver blinke,
de hynders strielje út de macht,
gjin wein is sûnder fracht.
Yn wêzen is it neat mei neat,
lykas de macht fan goaden,
dêr’t knibbels har foar bûge, mar
fersjoch jim net… ’t wurdt bar.
It wurdt sa bar, krûp yn de grûn,
ferskûlje jim yn rotsen
foar de ferskining fan de Hear,
gjin heechmoed bylket mear.
* Pieter Bruegel de Oude (1525/1530-1569)
Gravuere ‘Superbe (heechmoed)’
maart 3, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
In fisioen kriich ik foar eagen
oer Juda en Jeruzalem:
de timpelberch ferriisde
boppe berch en heuvel út,
brocht alle folken yn beweging,
nei’t se klear it Godshûs seagen,
dat bekend stie om de lear
fan hoe’t de rjochte wegen rinne,
dy’t Sion troch it leauwe wiisde.
Tusken folken sprekt God rjocht,
sadat de wapens tusken naasjes swije,
it swurd wurdt ploech, de sichte spear;
Dan giet it Godsfolk yn it ljocht
de rjochte wegen fan de Hear.
Byld ‘It swurd wurdt ploech’