maart 13, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Sa leit it lân derhinne:
Juda dy’t al fallen is,
Jeruzalem stiet altyd noch,
mar stoart mei gauwens yn,
omdat de lieders heechop rinne,
delsjogge op it sljochte folk,
’t útknipe om it alderlêste
derút te sûgjen, mar omdoch…
… want sjoch, dan komt de Heare,
dy’t wol sjocht wat fallen is,
Hy rjochtet op en lit it rjocht
syn gong gean tsjin harren yn
dy’t as ferlieders ’t rjocht opkeare
en hinne wâdzje oer it folk,
ferrinnewearje dizze wyngerd,
it plak dêr’t wurke waard mei nocht.
* Foto ‘Wyngerd’
maart 10, 2021
Jesaja
De Heare God lit witte
wêr’t hy al mei dwaande is:
de omkear yn de maatskippij,
wa’t heech klom, lit er sitte…
… de stoere man en de soldaat,
de rjochter en profeet,
de wize âlde en foarsizzer,
de man fan oansjen en foarop,
de riedshear en de tsjoender
en wa’t gefaar beswart.
Kweajonges lit God sitte
yn de rûnte fan ’t bestjoer,
sy sille it te sizzen ha,
mar sûnder it te witten.
Sil hy dan ’t foartou nimme
mei in mantel om de lea?
Hy hat gjin iten yn de hûs,
gjin kaam om ’t hier te kjimmen.