maart 20, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Is de sier fan froulju fuort,
ôfwosken har ûnhuerens,
is weispield alle bloed
dat manlju floeie lieten,
dan jout de Heare groeiend guod.
Juda’s lân lit sjen syn pracht,
foar Israel in eare,
de rest dy’t oerbleaun is,
sil trochgean foar in hillich
folk, jout de Geast fan flammen acht.
Want de Geast brânt alles skjin;
de skepping fan de Heare
is deis in wolk fan reek
en nachts de gloed fan flammen,
mar hat dy hearlikheid wol sin…
… as it folk dêr net oer kin?
Beskerming fan in tintkleed
en tûken docht him goed:
gjin lêst mear fan de hjitte,
by stoarm en rein is ’t ek net min.
* Yllustraasje ‘Groei’
maart 16, 2021
fan ûnbekend*
Sa seit de Heare: ‘Ik ha sjoen
hoe grutsk de froulju binne:
se stappe yn Sion om
mei leidige eagen,
de noas yn de wyn
om oandacht te winnen.’
Sa seit de Heare: ‘Ik sil fan
de froulju alles nimme:
de ringen fan ankels en earen,
de hier- en de earmbân,
de heale moantsjes en walen,
fuotkettings en holledoek,
mulbân en rûkersfleskes,
noas- en fingerringen,
mantel en pronkklean,
taske en omslachdoek,
hânspegel, mûtskes en sjalen.’
Dit seit de Heare: ‘Rûkersguod
begjint al gau te stjonken,
in mulbân ferwurdt ta tou,
gjin hier op ’e holle,
de pronk wurdt ta sek,
in brânmerk op skonken.’
* Yllustraasje ‘Pronksucht’