april 24, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
De ierde leit der treurich hinne,
want de hiele wrâld ferkwynt,
it minskdom hat de grûn ferwâde,
Gods oarderingen skeind,
der bliuwt neat oer wat noch ferbynt.
De Heare spjalt de ierde iepen,
dat de hiele wrâld wurdt leech,
yn ’t minskdom bliuwt neat by it âlde,
it wurdt net langer heind,
it folk fersillet, hat it dreech.
God keart de ierde ûnderst boppe,
folk en pryster treffe ’t lot,
itselde jildt foar hear en slaven,
slavinnen en har frou,
sy wâden oer de wet fan God.
Yllustraasje ‘Fernielde ierde’
april 21, 2021
fan ûnbekend*
Oer de folken sil ik profetearje:
Filistinen, Moäbiten,
folk fan Aram, Etiopiërs
Egyptenaren, folk fan Babel,
Edomiten, folk fan Tyrus,
jim grutskens sil gau slite.
Lit de lytse lju har rêstich deljaan,
want sy ha genôch te iten,
mar heechmoedigen ha gjin bestean
yn ’t eigen lân, sy moatte flechtsje
witwêrhinne, ’t folk fan fierrens
komt del yn harren krite.
* Yllustraasje ‘Leger fan fierrens’