mei 1, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Iksels siet yn benearing
oer it lot dat ek my treffe koe,
lykas de hiele ierde,
dat ik sei: ‘It is mei my no dien,
wat ha ik as profeet dan noch te bieden?
In klopjacht, klam en kûle
wachtsje ierdbewenners, it komt sa:
sy falle yn de kûle
nei de klopjacht, komme sy derút,
dan klapt de klam ticht, wat is om te gûlen.
As slûzen boppe iepen
komme en it ierdske fûnemint
begjint op slach te skodzjen,
spjalt de ierde, skokt wyld op en del,
har fal is djip, der is neat om te gripen.
Yllustraasje ‘Fal fan de ierde’
april 28, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Sjoch hoe’t it lân derhinne leit:
de wyngerd is ferkwynd,
sadat it druvesop ferdrûget,
wat it measte oer de risping seit.
Sjoch hoe’t de stêd derhinne leit:
de poarte is fernield,
de klachten rinne troch de strjitten
oer it oardiel, einigjend as feit.
De liere swijt, de pauk hâldt op,
der klinkt no mannich sucht,
by ’t drinken wurdt net langer songen,
’t is foargoed de ein fan ’t feestgerop…
… op ’t lân en yn de grutte stêd,
mar oaren roppe bliid:
‘De ear komt ta oan God de Heare,
dy’t rjochtfeardich is op ’t rjochte mêd.’
Foto ‘Antike stêd yn pún’