mei 8, 2021
fan ûnbekend*
It ferset tsjin Gods bestjoer
is as in festing yn de rotsen,
dy’t foargoed delhelle wurdt,
want heechmoed hat gjin doer.
Mar berch Sion stiet noch as
in hûs sa sterk en hjit de folken
wolkom foar in hearlik miel,
in kleiliet jout gjin pas…
… want de wale wurdt ferskuord
dy’t oer it antlit fan de folken
leit, dat roukleed komt derôf,
God stjoert de dea ek fuort.
Wa’t noch gûlt, hâldt dêrmei op,
de Hear sil alle triennen feie
fan ’t gesicht, de skande is
foarby, dan klinkt de rop:
‘Sjoch, dit is it wurk fan God,
nei Wa’t wy altyd útsjoen hawwe,
lit ús jubelje, wês bliid,
elk komt folslein oan bod.’
Foto ‘Feestmiel’
mei 5, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
In stienbult is de grutte stêd,
in púnfal is de sterke festing,
’t kastiel fan heechmoed stiet net mear
oerein, wurdt nea wer opboud,
de Hear bringt yn it lot in kear.
It lot fan swakken lûkt de Hear
Him oan, Hy is foar har in taflecht,
in feilich skûlplak by min waar,
in skaad by gleone hjitte,
sa rinne swakken gjin gefaar.
De Hear stjoert op ’e rjochtdei oan,
de grutske keningen bedarje
yn ’t djippe fan in drûge put
of achter tichte doarren,
har delgong, heech nei leech, is grut.
De bleke moanne krijt in kleur
fan skamte en de gleone sinne
is yn betizing, lûkt wyt wei,
want kening is de Heare
yn Sion foar in nije dei.
Foto ‘Reade moanne’