mei 15, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Lit ús sjonge fan de wyngerd,
dy’t der leaflik hinne leit
mei griene blêden, ripe druven,
dy’t mei blidens rispe wurde,
wat fan de Heare alles seit.
Wit dan dat de wyngerd troch de
Hear fersoarge wurdt, Hy jout
him alle dagen libben wetter,
dat de druven swieter wurde,
it is de Hear wol tafertroud.
Sjoch dan dat de wyngerd hoecht gjin
muorre, want de Hear hâldt trou
de wacht, neat wurdt ferrinnewearre,
mar wannear’t der stikels groeie,
dan komt de wyngerd yn it nau.
Lit ús sjonge fan de wyngerd,
fan de tiid fan Israel
en Jakob, dy’t wer bloeie sille,
dêrnei fan de fruchten ite,
dêr komt dit wyngerdliet op del.
* Foto ‘Wyngerd’
mei 12, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
In blide tiding ha ’k foar Juda
nei’t syn stêd ferrinnewearre is,
gjin muorre stiet mear op syn plak,
de poarte hat gjin doarren mear,
de earmen misse ’t ûnderdak.
Mar dochs, fertrou op God, foar ivich
stiet Hy fêst, foar ’t folk in sterke rots;
wa’t op ’e hichte wenje, smyt
Hy del, har bolwurk stiet net mear,
troch earmen reitsje sy dat kwyt.
Foar jimme, earmen, set er muorren
op, in sterke stêd foar jim behâld,
doch dan de poarte iepen om
Gods folk deryn te litten, kear
gjinien, sis tsjin de frede: ‘Kom!’
* Foto ‘Sterke stêd’