mei 29, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Der komt in ein oan it geweld
en oan it narjen fan de spotter,
mei ferbrekkers fan it rjocht is ’t dien,
útrûge wurde de ferkearden,
wat fertoarre is, wurdt grien.
De Libanon wurdt wer in hôf,
de doven sille wat beskreaun stiet,
hearre, blinen sille ’t ljocht wer sjen,
de alderearmsten jubelje it
út, sa bliid as lytse bern.
Tenei sil Jakob rjochtop stean,
de skande sil him net mear treffe;
wat syn bern dan sjogge, is it wurk
fan Him foar wa’t sy hillich sjonge…
’t hôf leit ûnder ’t iepen swurk.
Foto ‘Hôf fan Libanon’
mei 26, 2021
fan Pieter Bruegel de Alde*
Jesaja
Blyn is myn folk
foar wêr’t it My om giet,
it hat gjin each
foar myn profeten,
sy binne My ta tolk.
Myn folk is blyn
foar wurden yn myn boek,
it harket net
nei ’t wurd fan sjoggers,
it giet dêr net op yn.
Myn folk hat wol
de mûle oer My fol,
mar is mei ’t hert
by oare dingen,
dy easkje harren tol.
Folk mei in plan
dat yn it tsjuster bart,
mist grif it each
foar de ferhâldings,
hat dêr gjin tsjûge fan.
* Pieter Bruegel de Alde (1525/1530-1569)
Skilderij ‘De parabel fan de blinen’