juni 26, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Wannear’t de Geast komt út ’e hichte,
dan feroaret alles, de woestyn
wurdt ta in hôf mei ’t oansjen
fan in wâld, dat nûget rjocht deryn.
Gerjochtichheid sil har thúsfiele
yn it hôf en bringt dêr frede foar
altyd, myn folk sil rêstich
wenje, rekket nea wer yn de war.
Al slacht op ’t hôf de hurde hagel,
sinkt de stêd yn de fernedering,
wat kin de rêst fersteure
as der frede hearsket ûnderling?
* Foto ‘Wâld’
juni 23, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Oerein, jim soargeleaze froulju,
fammen dy’t jim feilich fiele,
hear wat ik te sizzen ha,
jim sille yn it needlot diele.
Oerein, it sil net lang mear duorje
dat jim fan ûntsetting trilje,
mei de druveplôk is ’t dien,
jim honger is net mear te stiljen.
Oerein en klaai jim út, yn ’t neaken
steane jimme klear foar sekken
om de mul en klappen op
it boarst, de toarnen sille stekke…
… want al it boulân leit derhinne
as ferwyldere, ferlitten
is de stins en stil de stêd,
de ezel sil dit lân besitte.
* Foto ‘Wylde ezels’