juli 10, 2021
fan ûnbekend*
Der klinkt in stim, dy’t opropt: ‘Rop!’
De fraach is wat ik roppe moat,
it antwurd sprekt fan stjerren op:
‘Al it libben is as gers,
net sterker as in blomke;
as Gods azem dêroer giet,
ferdrûget alle gers,
ferwilet ek de fjildblom,
altyd klinkt itselde liet,
foar minsken ek,
sy binne as it gers,
mar it wurd fan God,
gjin sprake fan dat
dit fergiet.’
Foto ‘Ferdrûge gers’
juli 7, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
God sprekt fan treast en moed
foar ’t folk en foar Jeruzalem,
de slavetsjinst as straf is oer,
tsjinst oan de Hear ferbrekt de noed.
Der ropt in stim fan fier
foar ’t folk en foar Jeruzalem:
‘Lis oan in wei troch de woestyn,
kom yn de steppe ek yn ’t spier:
in rom en rjocht paad foar
ús God en meitsje delten heech
en leech de hichte en de berch!’
De Hear lit sjen: ‘t is foarinoar.
Foto ‘Wei troch de woestyn’