juli 24, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Ik sprek, dus lit de folken swije,
lannen oan de seekant, hâld jim stil
en wachtsje oant ik kom mei myn bewiis,
gjin godsbyld sil de eare krije.
Sis My ris… Wa hat út it easten
roppen him dy’t al gau komme sil,
de kening foar de keningen in griis?
Hy wint de striid en wurdt de earste.
Wa jout him yn de macht de lannen
oan de see? ’t Bart inkeld troch myn wil
dat hy mei ’t swurd de keningen fergriemt,
hy kriget alle macht yn hannen.
Soe Ik my net as God bewize
boppe ’t godsbyld fan de edelsmid,
’t byld dat mei tal fan spikers fêstset wurdt?
Ik sil dy kening wegen wize.
* Byld ‘Kening Cyrus’
juli 21, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Jawis, as balling hast in swier bestean,
mar wêrom klagest oer dyn lot
as soe de Hear dêr neat fan witte?
Mar witst dan net dat God de Skepper is
fan hiel de wide wrâld, dyn lot
sil Hy net yn it tsjuster litte.
Nea wurdt Er wurch of rekket Er ynein,
oan God syn tiid komt nea in ein,
gjinien kin syn ferstân ea mjitte.
Jongfeinten binne wurch en stroffelje,
God jout har wjukken, as in earn
sa kinne sy har sweve litte.
* Foto ‘Earn’