augustus 14, 2021
fan ûnbekend*
fan ûnbekend**
Jesaja
Ik ha myn tsjinstfeint nei jim stjoerd,
sadat myn folk it sjen en hearre koe
wat Ik foar eagen ha,
’t kaam mei syn each en ear net goed.
Skuor iepen jimme eagen, sjoch,
myn tsjinstfeint is sels blyn, en harkje goed,
hy heart gjin stim of lûd,
syn kommen is dochs net omdoch?
It libben liet jim gâns wat sjen,
mar naam myn folk fan al dat sjen wat op?
Mei iepen earen ha
jim heard, mar alles gie ferlern.
Ik ha myn tsjinstfeint nei jim stjoerd,
mar ek de Wet dy’t grut en hearlik is
en myn gerjochtichheid sjen
lit… hear en doch, dan komt it goed.
* Foto ‘Sjen’
** Foto ‘Hearre’
augustus 11, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
De Heare lit Him sjen as held,
Hy lit syn striidrop hearre,
in rop dy’t oer de hichten klinkt,
de fijân sil it no bestjerre.
Al withoelang hold Ik My stil
om folken tiid te bieden,
no skreau Ik as in frou dy’t winkt
om gau de berte yn te lieden.
De hichte wurdt in woestenij,
al ’t griene is ferdrûge,
ta stille poel wurdt de rivier,
de hjitte hat de wel leechsûge.
De blinen sjogge wer it ljocht,
foar harren binne hichten
ta flakte wurden, harren winkt
it ûnbekende, net ferplichte.
Foto ‘Flak lânskip’