Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Tsjûge wêze

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Myn folk hat eagen, dochs wie ’t blyn,
mei earen hold it him lang doof,
mar sjoch, de tiid is kommen
dat it nei My hearre sil,
it tsjûge wêzen giet no yn.

Doe’t heidenfolken waarden ien
fan sin oer wat der earder wie,|
lit sy mei tsjûgen komme
dy’t bewize harren saak…
nea hawwe sy dat earder dien.

Myn folk jout no it tsjûgenis
dat Ik foargoed de Heare bin
dy’t as Ferlosser kommen
is, gjin God is lykas My,
myn folk lit sjen hoe’t dat krekt is,

Yllustraasje ‘Gods tsjûgen’




admin

Folk as rôversguod

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Sjoch nei dit folk, meinommen
nei hoalen yn de neare nacht,
it waard ta rôversguod,
in bút yn fijâns macht.

Om gau werom te kommen,
gjinien hat dêr in wurd oer sein,
want ienkear fuort is fuort,
de fijân hat it slein.

Wa hat dit folk opromme,
as rôversguod de fijân jûn,
wie dat de Heare net?
It wie oan sûnde bûn.

Hy hat fan grime gromme,
dy oer it dwerse folk útstoart
as fjoer, mar ’t harke net,
syn flammen ha ’t fertard.

Yllustraasje ‘Folk as rôversguod’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum