Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Foar Koaresj

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Tsjin Koaresj, kening fan de Perzen
seit de Hear: ‘Wêrsto ek komst,
foar dy gean alle doarren iepen,
poarten hâlde dy net tsjin,
de foarsten nimsto ôf har macht,
’t is alles nei dyn sin.

Wat foar dy opriist, sil Ik sljochtsje,
brûnzen poartedoarren slaan
Ik stikken, skoattels bûch Ik iepen.

Ut plakken dy’t yn ’t tsjuster lizze
fan de bergen, helje Ik
foar dy ferburgen skatten, rykdom,
datsto witst wa’t is de Hear
dy’t dy by namme roppen hat,
dyn namme krijt de ear.

Al koest My net, Ik sil dy meitsje
sterker as de foarsten om
dy hinne, dat it folk fan east
nei west My as unyk besjocht,
de God dy’t alles skepen hat
en alles foar dy docht.’

Yllustraasje ‘Kening Koaresj’



admin

Opbouwend wurd

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Tink hjiroan, Israel en Jakob,
fan de memmeskurte ôf
ha Ik as Skepper jimme foarme,
as in wolk fei Ik de sûnden wei,
as jim My tsjinje, bliuw Ik trou.

De hege himel, ierdske djipten
jubelje de freugde út,
dat berch en bosk mei jim ynstimme,
Ik ha alles dien, de himel spand,
de ierde lein fan noard nei súd.

Falsk binne tekens fan profeten,
sizzers jouwe neat foar wier
en wize mannen sprekke dwaasheid,
dus komt elk by My foar spot te stean,
mar net myn feint, syn wurd is wier.

Jeruzalem wurdt wer bewenne,
pún dat foel, komt wer oerein,
it djippe wetter sil opdrûgje,
dat myn folk kin feilich fierder gean,
it timpelfûnemint wurdt lein.

Yllustraasje ‘De timpel fan Jeruzalem’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum