Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Utdôve wittenskip

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Dyn wittenskip en wiisheid
binne wegen nei ’t ferdjer,
foarsizze net wat komme sil,
men sjocht dat yn gjin stjer.

Beswarrings, tsjoenderijen,
fynst gjin baat by sok gedoch
en jagest dêr gjin skrik mei oan,
gjin minske sjocht no noch.

De lju dy’t stjerren skôgje,
sjogge út ’e moannestân
wat dy al gau oerkomme sil,
ha harren tiid no hân.

Sy binne lykas striekes,
dy’t ferbrâne yn it fjoer,
se rêde harren libben net,
de glâns as stjer is oer.

Omdatst dy sa beswarre
lietst troch harren tsjoenderij,
falt dy grut ûnheil op ’e lea,
har god sprekt dy net frij.

* Foto ‘Universum’


admin

Babels dochter

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Jongfaam, do dochter Babel,
gean nei ûnderen, de troan bydel
en lit dy sakje op ’e grûn,
do bist net langer yn de geunst,
de wierheid klinkt no ienkear skel.

Begjin te meallen mei de
mole, doch foarwei de wale, til
de sleep op, want sa rekkest bleat,
dyn neakenens komt oan it ljocht,
troch skoof en skande wurdsto stil.

Gean sitten, krûp yn ’t tsjuster
wei, dyn keninklike namme giet
ferlern, do hast myn útkard folk
mishannele, de âlderein
fernaam dyn jok mei djip fertriet.

Wol harkje, wiif yn wielde,
soargeleas sitsto noch op ’e troan,
mar widdo wurdst en boppedat
silst al dyn bern net langer sjen,
dat dyn ellinde komt deroan.

* Foto ‘Yn ellinde’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum