Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ut Babel wei

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Harkje Jakob, Israel,
Ik bin de earste en de lêste,
ha de fûneminten fan de ierde
lein mei eigen hân en spand dêroer
de himel, op myn hannen komt it del.

Kom dan gear, jim allegear,
fertel dat Koaresj is de bêste,
dy’t al gau syn wil opleit oan Babel;
wat hy docht, giet hiel de ierde oer,
heech oan de himel ljochtet al syn stjer.

Hiest mar harke nei ’t gebod,
in stream fan heil wie oer dy kommen,
weagen fan gerjochtichheid, dyn neiteam
wie manmachtich wurden as it sân,
ûntelber, want Ik bin de Hear dyn God.

Kundigje it hjoed noch oan
en lit it oer de ierde klinke:
‘Gean út Babel wei, de Hear hat loskocht
Jakob, sûnder toarst giet hy troch ’t oard
fan ’t hjitte sân, dêr ljochtet al de moarn.’

* Foto ‘Moarnsdage’

admin

Spikerhurd folk

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Jim nammen tsjûgje fan in folk
dat swart by God de Heare,
mar net earlik en oprjocht;
as boargers fan Jeruzalem,
ha jim dy stêd as hillich eare.

Fan âlds wie Ik foar jim de tolk
dy’t spriek oer wat der barre
soe, Ik die it, wie oprjocht,
dat jim net sizze soene: ‘Sjoch,
myn ôfgod koe him danich warre.’

Mar foar de dei fan hjoed hast neat
fernommen fan wat skepen
is, want do wiest spikerhurd,
fan izer wie dyn nekke,
neat hasto fan myn dwaan begrepen.

Fan koper wie dyn brein, dat neat
opsloech fan myn berjochten
oer wat ik ferrjochte hie;
yn ’t fjoer fan de ellinde
bist suvere, mei gloed ferljochte.

* Yllustraasje ‘Fjoer’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum