Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Ynklaaid troch de Hear

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

De Heare hat twa fragen
dy’t Hy ynklaait yn in byld,
sadat it antwurd dúdlik is
en ’t folk him skuldich fielt.

Krij Ik de skuld fan ’t skieden
mei jim mem as stjoerde Ik
har fuort? Dan hawwe jim it mis…
Ik kin net oer jim snik.

Soe Ik jim ea ferkeapje
oan de easker fan de skuld
dy’t Ik net hie? Jim ha it mis…
Ik hie mei ’t folk geduld.

Troch ûngerjochtichheden
fan jimsels is ’t folk ferkocht
en dat jim mem fuortgongen is,
jim misstap kaam foar ’t ljocht.

Gjinien wie op myn kommen
dêr wêr’t Ik jim roppen hie;
dat Ik jim rêde soe, is wis,
myn earm komt ta de die.

Ik lit de see drûch falle,
meitsje fan de stream woestyn
en soargje dat de himel swart is,
sa klaai ’k myn antwurd yn.

Foto ‘Swarte himel’

admin

In massa bern

Bibelbylden

fan ûnbekend*

As Sion klaget oer myn dwaan
en litten, al soe Ik myn folk
ferlitten ha, it neat mear jaan;
as soe in mem har bern ferjitte,
gjin begrutsjen ha mei him,
Ik sil Sion nea ferjitte.

In púnfal is de stêd, it gea
ferlitten, mar sjedêr de bou
en yn it lege gea komt ea
wer folk, tefolle om te sitten
by elkoar, safolle bern
dat wêr moat men harren litte?

Ofnommen wiene dy de bern,
mar soannen bringe har werom
en dochters litte har dy sjen,
gjin kening sil de bern ferstjitte,
as in pleechheit stiet hy nêst
dy, hy wol syn soarch sjen litte.

Foarstinnen sille ’t boarst har jaan
en bûge foar dy oant de grûn,
it is mei sizzen net te dwaan,
do silst troch dieden altyd witte
dat Ik bin foargoed de Hear…
hoe soe Ik myn folk ferlitte?

* Foto ‘Bern’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum