november 3, 2021
fan Jan Brueghel de Jonge*
Slaan de eagen nei de himel op,
sjoch ûnder hoe’t de ierde is,
de himel wurdt ea wei yn reek,
de ierde sil as klean ferslite,
myn gerjochtichheid is lykwols wis.
Wa’t op ierde wenje, sprekke op,
sy húnje wa’t rjochtfeardich is,
it binne minsken, wês net bang,
sy sille stjerre as langpoaten,
myn gerjochtichheid is ivich wis.
Ut ’e rotsen binne jimme houd,
as stiennen út ’e graverij
ha Ik jim groeven, harkje dus
nei My, jim sille treaste wurde,
myn gerjochtichheid giet net foarby.
Sjoch nei Abraham, jim âlde heit,
nei Sara dy’t jim brocht te wrâld;
doe’t Ik him rôp om fuort te gean
út Oer wei, wie hy noch allinne,
myn gerjochtichheid is mannichfâld.
Alles leit yn Sion noch yn pún,
it ûnlân is in wyldernis,
mar rekket wer yn folle bloei,
wurdt troch myn hân as hôf fan Eden,
dêr’t gerjochtichheid de grûn fan is.
* Jan Brueghel de Jonge (1601-1678)
Skilderij ‘It hôf fan Eden’
oktober 30, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
De Heare hat my harkjen leard
om syn wurden oan te hearren,
de Heare hat my sprekken leard
om de wurge krêft te jaan,
dan kin er moedich fierder.
Wa’t sloegen, ha ’k de rêch takeard,
’t wang wa’t my it hier útloeken,
ik seach har rjocht yn it gesicht,
elk kriich kâns foar spot en spui,
mar ’k waard net set te skande.
Wa’t tsjin myn dwaan en litten beart,
’k lit syn grime rêstich komme,
dan mar tegearre foar it rjocht;
God, myn Hear, komt my te help,
dan kin ik moedich fierder.
* Foto ‘Underweis’