Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Jûchheiende púnfallen

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Dêrwei, dêrwei, út Babel wei,
kom dan út dat fermidden,
reitsje neat oan wat ûnrein is
en nim de timpelskatten mei.

Net nedich dat jim daliks gean,
jim hoege net te flechtsjen,
want de Heare sil jim liede,
Hy sil jim jaan in goed bestean.

De fuotstap fan de heilsheraut
is wolkom fan de bergen
ôf, hy bringt it blide boadskip
foar Sion: God dy’t útkomst jout.

Hark hoe’t de wachters harren lûd
yn Sion hearre litte,
hoe’t sy jubelje fan freugde,
it kommen fan de Hear jout moed.

Púnfallen fan Jeruzalem,
wol meiinoar jûchheie,
want de Heare hat fertreasting
brocht, wa’t dy oannimt, folget Him.

Foar heidenfolken lit de Hear
syn hillich oansjen blike
oan de útein fan de ierde
ta, troch syn macht bringt Hy in kear.

Foto ‘Púnfal’

admin

Gloarje fan Sion

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Dit hat de Hear te sizzen,
wylst Er nei ’t ferline sjocht:
‘Earst rûn it paad del nei Egypte,
it lân fan wrede slavernij…
wa hie doe noch oan frijheid tocht?’

De Heare hat noch mear te sizzen
as it giet oer ballingskip:
‘Assyrië liet jim net sitte,
doe waard myn folk foar neat ferkocht,
ferlear op ’t libben fêste greep.’

Foar neat ha sy myn folk meinommen,
ek syn kleien wie fergees,
de hearskers lasteren myn namme
en fierden roppend ’t steile wurd,
myn folk rôp gûlend as in wees.

Wurd wekker, folk fan My, wurd wekker,
Sion, lit dyn gloarje sjen,
do moatst dyn moaiste klean oanstrûpe
en skodzje fan dyn skuon it stof,
dyn halsbân hast foargoed ferlern.

* Foto ‘Joadske dûns’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum