december 1, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Do earme stêd, ferrinnewearre
troch de stoarm, wat treasteleas
leisto derhinne,
lykwols wês net moedeleas.
Want wit dat Ik dyn stiennen sette
sil yn glânzjend hurd metaal,
fan edelstiennen
meitsje Ik dyn muorrering.
Dyn fûneminten op lazuerstien
binne sterk, dyn trâns bestiet
út mear robinen
as wat earder dêryn siet.
Dyn poarten meitsje Ik fan fjoerstien;
boulju leare fan de Hear
om te ferbinen
wurk dat earder losser siet.
Rjocht sil foar dy de grûnslach wêze,
dan bliuwst fan ferdrukking frij,
ek fan ferskrikking…
oarloch giet net út fan My.
Ik ha de smid en striders skepen,
mar de wapens steane net
ta har beskikking,
inkeld dy help Ik oan rjocht.
* Yllustraasje ‘Nij Jeruzalem’
november 27, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Noch altyd is de Hear oan ’t wurd,
omdat Hy mear te sizzen hat
as inkeld oer it lijen
fan syn folk, sa’t nea wer bart.
Sa’t Noäch de belofte kriich
dat al it wetter fan de floed
nea wer it lân oerstreame
soe, sa komst net wer yn noed.
Ik liet dy sitte, ’t wie mar koart,
mar lang genôch sietsto yn noed
oer soe ’k dy wol befrije?
No’t ik mei lij, komt it goed.
Ik liet My lang net oan dy sjen,
want rûn de grime My net oer?
Mar no sil Ik mei leafde
My ûntfermje sûnder doer.
Al giene bergen fan it plak,
myn leafde stiet foar altyd fêst,
al skodden ek de hichten
fûl, myn frede jout dy rêst.
Foto ‘Reinebôge’