Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Folk fan iken

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

De Geast fan God is oer my kommen
as profeet dy’t troch Him salve is,
Hy stjoert my út mei ’t blide boadskip
foar fersleinen mei in brutsen hert
en om ûnfrijen te ferlossen,
fan treast ha treurjenden ferlet,
de krânse moat yn plak fan jiske komme.

It folk, gelyk oan sterke iken,
sil no plante wurde troch de Hear,
wat withoelang ferrinnewearre
lei, komt wer oerein, in nije bou,
wylst frjemden noed stean foar de keppels
en binne yn de wyngerds trou
oan ’t wurk, tenei heart Gods folk ta de riken.

Myn folk moast ûnder skande lije,
dat it krijt it dûbelop werom
op grûn fan in ferbûn dat ivich
is, it hat fan My in earlik lean;
ferneamd is ’t neiteam ûnder folken,
dy’t mei iepen mûle stean
te sjen nei minsken dy’t de seine krije.

* Foto ‘Wei mei ikebeammen’



admin

Pronkstik Sion

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Al is it rûnom nacht op ierde,
sitte naasjes yn it tsjuster,
oer Jeruzalem falt helder ljocht,
de gloarje dy’t de Heare skine lit,
de klimaks fan syn dieden.

De heidenfolken sille komme,
foarsten sjogge dy fan fierren
strieljen, slach dyn eagen op en sjoch
sels hoe’t sy sette op dyn gloarje ta,
sy fiele har ferromme.

Fan fierwei komme al dyn soannen,
alle dochters litte harren
nei dy drage, wat dy strieljen docht,
sy wolle diel ha oan dyn gloarjetiid
en drinke út dyn boarne.

De rykdom komt fan alle folken
op dy ta, de skatten fan de
see, de dieren fan it lân en sjoch
hoe’t skippen farre goud en wijreek oan,
de seilen ha fan wolken.

Wie Sion iensum en ferlitten
as in frou dy’t rûnom hate
waard, sy komt as pronkstik ta har rjocht,
dat Ik as ljochtsjend sieraad makke ha,
myn folk sil it besitte.

* Yllustraasje ‘Nij Jeruzalem’  


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum