februari 5, 2022
fan ûnbekend*
Wol harkje nei de Heare God,
sawol de tsjinners as wa’t tsjinstân
biede, tusken beide is in spjalt,
útsprutsen is har lot.
Ik jou myn tsjinners ’t deistich miel,
mar jimme sille alle dagen
honger lije, smachtsje fan de toarst,
sa kriget elk syn diel.
Myn tsjinners sille wille ha
en jubelje fan kleare blidens,
jimme skrynt it lykwols troch it hert,
de wanhoop slacht dan ta.
In nije namme sil Ik jaan,
nee, net oan jim, mar oan myn tsjinners,
want jim namme klinkt tenei as flok,
sil nearne noch op slaan.
Sawol de seine as de eed
fynt plak út namme fan de Heare,
want Hy bliuwt syn tsjinners ivich trou,
gjinien komt mear yn need.
Foto ‘Spjalt’
februari 2, 2022
fan ûnbekend*
Jesaja
Myn beide hannen stiek Ik út
nei folk dat goade-offers brocht,
en socht yn grêven nei de geasten,
mar ’t wie om ’e nocht.
Dat folk tocht dat it hillich wie
en rôp My ta: ‘Bliuw by ús wei,
wy wolle net oanrekke wurde!’
Mar Ik sjoch har nei.
It rekket fan de straf net ôf,
mei dát folk rekkenje Ik ôf,
it krijt it lean finaal taparte,
’t komt gau yn it nau.
Myn tsjinners binne as in tros
mei druven dêr’t noch sop yn sit,
dus sil Ik harren net fergrieme,
dat is myn ûnthjit.
Yllustraasje ‘Tros druven’