Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Gods eigen bouwurk

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jesaja

Ik ha gjin timpel nedich
as it folk in offer bringt
en tagelyk it kwea oanbidt,
dat troch it hiele libben kringt.

In grouwe bolle slachtsje,
tagelyk in moard begean
of offerje it bêste skiep
en meitsje fan in hûn in lyk
of moal as offer bringe
tagelyk mei bargebloed
of wijreek brâne ta myn ear,
mar ek de ôfgod hulde dwaan…
hoe kin Ik sokke offers achtsje?

Gjin timpel ha Ik nedich,
want de himel is myn troan,
de fuotten rêste op ’e wrâld,
de eigen bou foldocht My skoan.

* Yllustraasje ‘Gods troan en fuotbank’

admin

Nije skepping

Bibelbylden

fan ûnbekend*

Ik sprek en skep dan tagelyk
in nije himel, nije ierde;
jubelje, wês ivich bliid
mei wat Ik skep, Jeruzalem
sil jim de heechst blydskip biede.

In bern wurdt daliks net ta lyk,
wa’t âld is, makket fol syn dagen,
lykas ’t libben fan in beam;
in bern giet net mear ier ferlern,
mar sil it erfdiel fierder drage.

Wa’t bout, krijt eigen ûnderdak,
in eigen wyngerd jout syn fruchten
net oan wa’t net plante hat,
myn folk priuwt sels fan al syn wurk,
dat hjoed de dei giet sûnder suchten.

De wolf sil weidzje mei it laam,
de liuw sil as in ko gers frette,
mar de slang yt inkeld stof;
myn berch is hillich, sûnder kwea,
foar ivich ha Ik dat besletten.

Yllustraasje ‘Wolf en laam’

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum