april 9, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
As bern nim Ik dy graach wer oan
om dy in kostlik lân te jaan,
in pronkstik ûnder alle folken,
want Ik tocht, do neamst My grif wer Heit…
wat hear Ik dêr op tryste toan?
Op keale hichten klinkt it lûd
fan skriemen om sa oan te jaan
dat Israel ferkearde paden
keazen hat, fergetten wie de Heit,
dy’t op it each hat wat is goed…
… foar ’t bern, dus ropt Hy: ‘Kom werom,
dan sil Ik al dyn kwea ferjaan;
al dat gedoch op offerhichten
wie neat wurdich, ek net dat gebear
op bergen, mar hjoed klinkt lûd: ‘Kom!’
De god fan skande hat ferslynd
it erfdiel: soannen, dochters, skiep
en kij, dat heech rint op de skamte
fan de roppen bern fan Israel,
wylst God de Heit mei ljocht ferskynt.
* Foto ‘Hichten’
april 6, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Offallich wie folk Israel,
ûntrou de stam fan Juda,
kom werom, ôffallich folk,
Ik bliuw net altyd lilk,
do bist by My yn tel
ast tajoust datsto skuldich bist
oan frjemdgean mei de goaden.
Kom dan werom, jim binne bern
fan My, Ik ha jim nommen
yn beskerming, dat myn folk
de liedslju krijt dy’t Ik
as tige kundich ken,
sadat it folk manmachtich wurdt
yn ’t lân dêr’t jim fan hâlde.
De arke fan myn trou ferbûn,
dêr sille jim net mear oan
tinke: Sion wurdt myn troan,
dêr ha ’k myn folk wer fûn.
* Foto ‘Sion’