april 23, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Harkje nei it nijs út Dan,
nei ’t boadskip oer it ûngelok
dat komt fan berchlân Efraïm:
‘Meitsje dit de wrâld bekend:
it ûngelok dat rôlet oan
oer bergen nei Jeruzalem.’
Lit oan Juda witte dat
syn hâlden en syn dragen mis
is, bitter sil it him fergean.
Sjoch wat opkomt as in wolk
fan legerweinen nei de stêd
mei hynders, rapper as in earn.
Lit Jeruzalem syn hert
wer suver wurde, want it kwea
sprekt op, oerhearsket elke stim.
* Yllustraasje ‘Striidweinen’
april 20, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
De Hear sprekt oan de pommeranten,
de kening en de offisieren,
de prysters en profeten,
syn tiding is de wiere:
‘In gleone wyn komt fan de hichten
fan de woestyn om oan te fieren
de hjitte dy’t net suver is,
dy wyn taast oan de spieren.’
Sa sprekke dan de pommeranten,
de kening en de offisieren,
de prysters en profeten
oer dizze iepenbiering:
‘Ferbjustere hat God de Heare
ús mei syn earste wurd fan frede
wylst wy it swurd al fiele…
wat is dêrfan de reden?’
* Foto ‘Woestynwyn’