mei 7, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
De strjitten fan Jeruzalem,
sjoch dêr, nim alles yn dy op
en sykje ek de pleinen ôf
oft ek mar ien te finen
is om oaren rjocht te dwaan,
de stêd sil Ik dan it ferjaan.
Op strjitte hear Ik wol in stim:
‘Der wurdt in eed dien op de Hear,
sa wier Hy libbet, dy is falsk;
Jo wolle sjen wa’t earlik
is; hoewol’t Jo minsken slaan,
sy sille ’t rjocht gjin romte jaan.’
Ik seach op strjitte lytse lju
dy’t net it measte wisten fan
de rjochte wei, wat koene sy
der dan oan dwaan? Mar better
wist wol al dat folk dat grut
is, mar gjin ear hat foar myn wurd.
De liuw komt dêrom út it wâld
en út ’e steppe draaft de wolf,
de panter strúnt rûnom de stêd,
ferskuort wa’t dêrút komme,
sy gean yn tsjin ’t rjochte wurd,
wat foar it rjocht de ein betsjut.
* Foto ‘Wolf’
mei 4, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
It folk giet oeral op ’e flecht
wannear’t de bôgesjitters roppe,
as de hynders drave yn galop
mei ruters dy’t de swurden swaaie;
ûnder de strewellen krûpt it folk,
klimt yn panyk nei boppen,
yn de stêd sjocht men gjin kop.
En do dy’t delslein bist, wat kinst
yn dizze tastân noch begjinne?
Al hast kostber poarper om de lea
en pronkest mei it djoerste goudguod,
ek al glimt noch sa dyn eachopslach,
dêr kinst it net mei winne,
want de dea giet troch it gea.
Der klinkt in lûd as fan in frou
dy’t weeën hat, in eangstich roppen
om de tastân dêr’t har earste bern
yn komme sil, it lûd fan hymjen
fan de Sionsdochter op ’e flecht,
gjin help komt mear fan boppen,
sa giet al har hoop ferlern.
Yllustraasje ‘Ruters’