mei 14, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Folk Israel mient dat it sterk stiet,
dêrom slacht it spottend praat út,
it godlik wurd is net te finen
oant it nei de ein ta giet.
Myn wurden lôgje yn dyn mûle
op ta fjoer, in brân dy’t útbrekt;
it folk wurdt branhout, sil ferdwine,
as profeet witst hoe’t soks giet.
In sterk folk sil fan fierrens komme,
allegearre binne ’t fjochters;
dyn risping sille sy fersline,
wa’t him sterk fielt, hy fergiet.
Dyn soannen en dyn dochters komme
om, dyn skoander fee wurdt slachte,
dyn stêden wurde ta ferline,
wat gjin sterveling ûntgiet.
Myn folk mient net mear dat it sterk stiet,
sil net langer mei My spotte,
it godlik wurd is noch te finen,
seit ta dat it fierder giet.
* Yllustraasje ‘Fjoer’
mei 11, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
De soannen hawwe My ferlitten,
rinne wielderich as hynsten om
en wrinzgjend achter buormans wiif oan,
gjinien kin ’t huorkjen litte.
Soe Ik soks net op har ferhelje?
Om har dwaan en litten nim Ik wraak,
ferrinnewearje harren ikkers,
sy sille ’t sa betelje.
It giet mei ’t kwea om beide soannen:
’t folk fan Juda en fan Israel,
sa is de godsspraak fan de Heare,
yn plak fan druven toarnen.
Hy docht ús neat, wie harren sizzen,
wy belibje kriich noch hongersneed
en harkje net nei de profeten,
har wurd sil nimmen misse.
* Foto ‘Hynsten’