Willem Tjerkstra’s thússide

Archive for the Bibelbylden category

admin

Gjin wiisheid en ferstân

Bibelbylden

fan Maurycy Gottlieb*
Jeremia

Wa is ferstannich en wa wiis?
Net de skriuwers mei har ligerspinne,
dy’t de Wet ta leagen makke ha;
de wize mannen stean beskamme,
want har wiisheid is der mar op ta,
dus foar de Hear in griis.

Wat sille sy de Heare jaan?
As Hy komt, dan hingje der gjin druven
oan de wynstôk en gjin figen
oan de beam, it blêd is sels ferwile,
dat dit folk hat it by Him bedoarn,
de fijân krijt frij baan.

Wat is de Heare dan fan doel?
As de fijân komt, dan nimt dy harren
froulju, tagelyk har stikken lân;
myn folk hat him net skamme foar syn
dwaan, ’t wit fan gjin wiisheid en ferstân,
wat by de Hear min foel.

* Maurycy Gottlieb (1856-1879)
Skilderij ‘Toara-skriftgelearde’

admin

Gjin paad werom

Bibelbylden

fan ûnbekend*

De Heare spriek it oardiel út
oer bonken út ’e grûn wei
dy’t útstald waarden foar de ljochten
fan de himel, dêr’t se wiis mei wiene:
sinne, moanne en de stjerrekloft,
ôfgoaden oan de loft.

De Heare heakke hjiroan ta:
‘De bonken komme oer it lân
as dong, omdat sy offers brochten
oan de sinne, moanne en de stjerren;
elkenien dy’t noch yn libben is,
wol stjerre sûnder mis.’

De Heare woe ek dit noch kwyt:
‘Wa’t falt, komt daliks wer oerein
en giet werom, is ’t paad him bjuster
wurden, wêrom bliuwt it paad foar Sion
tsjuster, komt de stêd net wer oerein?’
Dit hat de Heare sein.

Foto ‘Himelljocht’


Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum