juni 25, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
As profeet hear ik de klachten
fan myn earm folk dei en nacht,
syn needrop klinkt it hiele lân oer…
ha ’k mysels noch yn de macht?
‘Is de Hear net mear yn Sion,
is de kening dêr net mear?
Wy ha ús bûgd foar ôfgodsbylden
en net jûn Him alle ear.’
‘Dagen binne yn it neigean
en de risping is al dien,
wêr kinne wy noch útkomst fine,
is de takomst hinne gien?’
As profeet ha ik gjin antwurd,
bin fan slach en ek ferslein
en rin de dagen troch yn rouklean…
komt oan myn fertriet in ein?
Is yn ’t hiele lân gjin dokter
dy’t de wûne hielje kin?
Myn eagen streame oer fan triennen
om wat giet foargoed ferlern.
* Foto ‘Nei de risping’
juni 22, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
‘Wêrom bliuwe wy eins sitten?’
freegje minsken harren ôf:
‘Kom allegearre no oerein,
lit ús de festingstêden yngean,
want dêr fine wy ús ein!’
‘Kinne wy noch heil ferwachtsje?’
freegje minsken harren ôf:
‘Is der noch kâns op betterskip
as alles op ’e kop ferkeard giet,
’t slangegif komt drip nei drip!’
‘Hearre wy de hynders snuven?’
freegje minsken harren ôf:
‘De oarlochshynsten wrinzgje lûd
en sille ’t hiele lân fersline,
wei wurdt nôt en ek it krûd!’
* Foto ‘Hynders’