Willem Tjerkstra’s thússide
admin

Untrou

Bibelbylden

fan ûnbekend*
Jeremia

Ferstjitten bisto troch dyn man,
omdatsto ûntrou wurden wiest;
kinst dan wer by him komme
wylsto foar hoer trochgongen bist?

Fan mannich man bist yn de ban
en slachst de eagen huorrich op
nei hichten, dêr’tst dy brûke
litst sûnder datst dyn man noch mist.

Te wachtsjen stiesto op in klant
en harkest nei syn geile rop,
sa hast it lân fersmoarge
mei huorkerij sa’tsto wol witst.

Hoewol’t de lette rein net kaam
en honger lije waard dyn straf,
hat dat der net foar soarge
datsto foargoed feroare bist.

Ynienen sprekst My oan as Heit
en tinkst: ‘Hy bliuwt net ivich lilk
as freon fan earder jierren.’
Mar wolst wol opjaan watst dan mist?

* Gravuere ‘Hoer fan Babylon’

Related Posts

Archieven

Zoeken

  • Categorie

  • Datum