fan ûnbekend*
De Hear joech Daniël
it argumint foar syn protest:
grut ûnrjocht lei Suzanne del,
de rjochters hiene by har west.
In proef joech it bewiis:
de rjochters sprieken elkoar tsjin,
in beam brocht harren yn de tiis,
mei rjocht wie doe Suzanne skjin.
De rjochters skrillen op
doe’t Daniël sa streekrjocht spriek,
har plan wie útrûn op in strop,
dêrby kaam dat har libben briek.
It folk joech God de ear,
dy’t Daniël ta ynsjoch brocht,
sadat de leagen it ferlear,
de wierheid krige alle rjocht.
* Ikoan ‘Daniël’ |