december 1, 2021
fan ûnbekend*
Jesaja
Do earme stêd, ferrinnewearre
troch de stoarm, wat treasteleas
leisto derhinne,
lykwols wês net moedeleas.
Want wit dat Ik dyn stiennen sette
sil yn glânzjend hurd metaal,
fan edelstiennen
meitsje Ik dyn muorrering.
Dyn fûneminten op lazuerstien
binne sterk, dyn trâns bestiet
út mear robinen
as wat earder dêryn siet.
Dyn poarten meitsje Ik fan fjoerstien;
boulju leare fan de Hear
om te ferbinen
wurk dat earder losser siet.
Rjocht sil foar dy de grûnslach wêze,
dan bliuwst fan ferdrukking frij,
ek fan ferskrikking…
oarloch giet net út fan My.
Ik ha de smid en striders skepen,
mar de wapens steane net
ta har beskikking,
inkeld dy help Ik oan rjocht.
* Yllustraasje ‘Nij Jeruzalem’
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024