september 7, 2022
fan ûnbekend*
Jeremia
Ik bin noch wol profeet,
ha lykwols skjin myn nocht
fan al myn profetearjen,
dêrom rop ik mem earst oan:
wêrom hawwe jo my berne,
ik bin dochs ferflokt as soan?
Ik tsjinne as profeet
en ha Gods boadskip brocht;
yn tiden fan benearing
pleite ik foar ’t faaie folk,
mar ik kin gjin izer brekke…
bin ik dan noch wol Gods tolk?
Profeet wie ik mei nocht
en wille om jo wurd,
want draach ik net jo namme?
Wachtsje, Heare, net sa lang
oant se my fermoarde hawwe…
as jo tsjinstfeint bin ik bang.
Net meidwaan oan geraas,
ik wie op ’t lêst profeet
dy’t him dêr djip foar skamme,
mar foar my waard doe de Hear
ûnbetrouber as it wetter
dat ynienen nimt in kear.
* Foto ‘Wetterkolk
oktober 9, 2024
oktober 5, 2024